Wy binne Niels & Wessel en wy komme út it moaie Fryslân. Dêrom dogge wy it ek yn it Frysk.
Fannemoarn binne wy nei tsjerke west yn Hillsborough op Carriacou. De tsjinst begong om 7 oere. It begong mei in yntroduksje troch in frou die ús fertelde oer de liturgy fan de tsjinst. Dêryn waarden wy neamt as bysûndere gasten. Dêrnei begong de tsjinst, as earste binne wy oan it sjongen west. It wienen allegearre fêrskes die wy net koenen. Nei it sjongen kaam de pryster, hy wie net de echte pryster, want de echte pryster wie mei ferkânsje. De pryster fertelde dat wy as minsken net oer úse grinszen gean matte en de rest oan God oer litte matte. Nei wat sjongen en in soad fêrskes kriegen we bôle en wyn, maar ien fan de trainees hie kauwgom yn de mûle en dat mocht net. Sy waard werom stjoerd en wy tochten dat wy ek net mear mochten, mar dat wie in misferstân. Dêrnei wie de tsjinst ôfrûne en hawwe wy elkenien in hân skodde. Wy waarden ek noch seine troch de pryster. Dat wie slim bysûnder. Nei de tsjinst binne wy werom rûn nei de pier en mei de tender wer werom faard nei de Wylde Swan.